In ploechje bern swalket troch Frankryk en besiket te oerlibjen. It is in jier of sân nei de klap. Sûnt is de natoer yn de war. Allinne rêdt in mins it net op yn san wrâld. Bern hâlde har better steande as âlderen. De fjirtjinjierrige Ake út Drachten hat him oansletten by it ploechje fan Claus, in minne fint. Yn flashbacks fan Ake kriget de lêzer in byld fan de foarskiednis. Oan de ein makket Ake him los fan de groep en giet er werom nei hûs, of wat dêr fan oer is.
De skriuwer seach dit boek as jongereinboek. It waard lykwols as folwoekseneroman yn de merk set. De earste printing ferskynde yn 1999, yn 2001 de Nederlânske oersetting fan Jabik Veenbaas.
… een voortreffelijk en ook merkwaardig teder en verontrustend boek over wat mensen elkaar aan kunnen doen wanneer het op overleven aankomt.
Kees t Hart yn de Leeuwarder Courant oer de oersetting
As ik it boek net oan myn learlingen oanriede sil, dan is dat om de inketswarte moraal. [] Ik leau net dat it der sa hinneleit yn de wrâld en as dat foar guon bern al sa wêze sil, dan is it betiid genôch as se dat sels ûnderfine.
Hylke Tromp foar Omrop Fryslân
Trinus Riemersma (1938–2011) heart by de grutte skriuwers fan Fryslân. Hy wie kreatyf op allerhanne literêr mêd. Hy skreau prachtich Frysk yn in ûnoertroffen styl. As polemist hie er in skerpe pinne, yn syn kollumns sei er alles wat er kwyt woe. Syn literêr wurk lit opstannigens sjen, synisme, mar letter ek in moedich libbensbesef: genietsje it libben, ferdraach de pine en mjêkje net. Twa kear wûn er de Gysbert Japicxpriis.