Boeken
Tjibbe Gearts van der Meulen

In brulloft yn 'e Walden

De bondel In brulloft yn de Wâlden is in kar út de bêste proazastikken fan Tsjibbe Gearts van der Meulen en útjûn ta gelegenheid fan syn 150ste bertejier. Besoargers wiene Freark Dam en Ype Poortinga. Hja neamden him njonken Waling Dykstra de wichtichste folksskriuwer fan syn generaasje. Yn syn wiere ferhalen is de skriuwer neffens de besoargers op syn bêst. Hy jout ek in skat fan ynformaasje oer himsels en syn eigen geastlike ûntjouwing, mar benammen op it stik fan kultuerskiednis en folkskunde út de foarige ieu. Der sit aksje genôch yn, sels de `thriller'-eftige eleminten ûntbrekke net.

Tsjibbe Gearts van der Meulen stie bekend as folksskriuwer. Fanwege syn ûnevenredige en ritige persoanlikheid kaam er as mins en as skriuwer gauris ferrassend út 'e hoeke. Hy hie in protte fantasy en humor. Syn wurk tsjûget fan in sjoernalistike ynslach en hy hat rûnom niget oan. It belang en de apartens fan wat er belibbet bringt er yn syn ferhalen oer. Gâns fan de ferskynsels en de geast fan de 19de ieu komt de lêzer út syn wurk temjitte. Wie Waling Dykstra besteklik en bestindich, Van der Meulen wyldseauwich en fantastysk en mei it hert op 'e tonge. Utersten, alle kanten oer, yn de ienheid fan in ferwûndere en opteine persoanlikheid. Dit boek is de werútjefte fan de earste printing út 1974.
It boek is net omstavere.
229 afgedrukte pagina’s
Oorspronkelijke uitgave
2012
Jaar van uitgave
2012
Hebt u het al gelezen? Wat vindt u ervan?
👍👎
fb2epub
Sleep je bestanden hiernaartoe (maximaal 5 per keer)