Boeken
Paulus Akkerman

Foar de lins

De ferhalen `Foar de lins fan Paulus Akkerman yn de `Sneon en Snein-bylage fan de Ljouwerter Krante ha fan 'e miet ôf oan — dat wie 9 oktober 1965 — in grut en tankber lêzerspublyk fûn. Net allinne de âlderein, dy't harsels faken werom fynt yn dizze ferhalen, is der sljocht nei, mar ek de jongerein, want Akkerman is in smoute forteller en in skerpe opmerker, ek fan de moderne tiid.
Paulus Akkerman nimt yn syn ferhalen de minske foar de lins. Benammen de lytse man, de ferhûddûke minske, dy't tamtearre en gnjirde wurdt troch de maatskippij, dy't te lider slein wurdt troch libben en lot, dy't net mear past yn `it systeem, dy't der oer rekket. It binne boer en arbeider, winkelman en skipper dy't it paad romje moatte foar sanearing, ruilferkaveling, krotopromming, yndustrialisaasje en útwreidingsplannen. Hy tekent dy minske op 'e drompel fan de âlde nei de nije tiid mei in skerp each foar it detail, mei in tûk ear foar it praat fan `gewoane minsken en mei in mylde, faken wat mankelike humor.
De skilder P.H. van Asperen út Ljouwert hat sfear en toan fan Akkerman syn ferhalen tige goed oanfield en treflik fêstlein yn syn tekeningen. Hy is sels 73 jier en kin dus de tastannen en figueren, dy't Akkerman beskriuwt, út 'e pinne. Syn `Evert winkelman op it omslach is wol symboalysk foar de minsken, dy't yn dit boekje foar de lins lâns komme. Mei dizze kar hopet de Ljouwerter Krante de tûzenen lêzers fan `Foar de lins in deugd te dwaan en tagelyk in lyts minsklik dokumint to jaan fan in Fryslân, dat sa hurd oan it feroarjen is.
Paulus Akkerman (1908 — 1982) groeide op yn in ienfâldich, grifformeard middenstânsmiljeu en wie bakker yn Marrum en kassier fan in bank op Skiermûntseach. Hy wie in tige populêre folksskriuwer en publisearre san tweintich romans en hûnderten sketsen, kursyfkes en koarte ferhalen. Yn 1971 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn roman It roer út hannen en de beide bondels kursyfkes Foar de lins en Dat sadwaende.
211 afgedrukte pagina’s
Oorspronkelijke uitgave
2014
Jaar van uitgave
2014
Hebt u het al gelezen? Wat vindt u ervan?
👍👎
fb2epub
Sleep je bestanden hiernaartoe (maximaal 5 per keer)